18 feb 2013

Âld & Nij

Uit het dorpsblad Doarpsskille van Oosternijkerk. Zoals gewoonlijk voor dat blad is het stuk in het Fries geschreven. Vertaling volgt later.

Fansels is d’r ek wer in ‘’update’’ fan’e Drumband yn’e skille, om jo, as doarpeling wer in bytsje ‘’up to date’’ te meitsjen oer de âlde én nije saken wêr’t wy yn 2012 mei dwaande west bin. Wy ha t drok hân yn 2012. Sa drok, dat wy net iens de tiid hienen om in ferslachje foar de lêste doarpsskille te skriuwen! We moatte dus in skoftsje werom, te begjinnen mei de âlderjûn.

De âlderjûn wie ek dit jier wer in nije útdaging foar ús. By de ekspresje op skoalle wienen de learlingen al hielendal wei fan in âlde mars, de Stick Jokes (stokgrapkes). Dus op’e âlderjûn ha de bern in knap staaltsje showdrummen sjenlitten! De stokken fleachen de loft yn en soms foel d’r ris ien op’e grûn of waar d’r in foutsje makke, mar lokkich makke dat de Stick Jokes allinich noch mar grappiger!

Dêrnei stie de reüny op’e planning. Dat wie in feestlik evenemint yn ’t doarp, en ek by de Drumband wie dat in grut sukses! Wiken fan tefoaren binne we yn’e boeken dûkt, en ha we ús âld-leden útnoege. Tiisdeis en Tongersdeis wienen wy dan te finen yn ’t lokaal, om te oefenjen foar de Reüny en om by te praten fansels! De âlde marsen sieten d’r noch goed yn by de leden, en ’t duorre dan ek net lang foardat se de smaak wer in bytsje te pakken hienen. De optredens dy dei wienen geweldich! Mei sa’n grutte groep op strjitte stean, en in pear pittiche marskes te slaan, dat wie om pikefel fan te krijen!

Toen de Reüny noch mar krekt foarby wie, moesten we alwer drok oefenje foar ús sinterklaasoptreden. Mei ús 6 nije learlingen ha we drok oant oefenjen west op’e bongo’s en de nije lytsje klokkespellen. De dei sels hienen we dus in moai ploechje fan 12 man op’e strjitte. Allegear yn Sinterklaassfeer mei in swartepytepetsje op ha we de âld man binnenhelle. En in pear wiken letter wienen we noch yn’e sinterklaasstimming, want op ús oefenjûn kamen 3 learlingen mei in sjek oansetten! Se wienen dy dei derfoar as swarte pyt de doaren by del west, en se hienen in moai bedrach foar de Drumband ophelle! Wy tankje derfoar alle minsken dy’t in bedrachje hjoen ha, en fansels ús 3 pytsjes.

Net lang dêrnei wienen we alwer dwaande foar de ‘’winterfair’’. We ha oan’t pinda’s plakken west om fûgelkransen te meitsjen en wy ha troch ’t doarp west om sponsors te sykjen. Sponsort troch Attent ‘Mook’, Kapper ‘Geartsje’, Schoonheidssalon ‘Nadine’, Schoonheidssalon ‘my Lifestyle’, Piet de Boer en Gebr. Zijlstra Metslawier is d’r in ferlotting west. Oan’t ein fan’e dei wienen alle lotsjes en fûgelkroansen útferkocht! Een moaie manier om ’t nije jier yn te gean!

Foar ’t nije jier ha wy in soad nijs yn petto. Sa binne wy dwaande mei in oantal nije ferskes, mei ús nije learlingen, en nije instruminten, dy’t se ‘’Boomwhackers’’ nimme. Fjidder sit ’t doarpsfeest d’r alwer oan te kommen, en foardat we ’t witte is t alwer Keninginnedei!

Foar no, earst mar in lokkich en sûn nijjier!

9 okt 2012

Werk in uitvoering

Zoals u ziet zijn wij nog druk bezig om onze blog op te zetten. Onze excuses daarvoor.